geeske_bies
Terug naar het overzicht
 

Geeske Bies

Ik bin oprjocht ynteressearre yn in oar en ik harkje graach nei in oar har of syn libbensferhaal. Elk minske hat har of syn eigen unike ferhaal. It meimeitsjen fan drege dingen yn it libben freget om derby stil te stean, op dat libbensferhaal yn te gean en it op ‘e nij te formulearjen. Op ‘e nij jo eigen plak en posysje te bepalen, troch elke kear wer te fertellen hoe’t je as minske wrakselje mei dingen en op syk te gean nei wat helpt om fierder te kinnen. Ik besykje om sûnder oardiel  nei dyn ferhaal te harkjen. Ik ha gjin paskleare oplossings, mar wol oandacht en tiid om stil te stean by wat foar dy fan wêzentlik belang is. Ik ha ûnderfining as geastlik fersoarger yn de psychiatry (staazje en wurkervaringsplak) en as geastlik fersoarger dy’t minsken thús besiket.  Dyn eigen libbensbeskôging stiet foarop yn it kontakt. Myn eigen ynspiraasje fyn ik yn it Kristendom. Ik bin ek aktyf as free lance foargonger, meastal by Meniste gemeenten. Ik fyn it fijn om myn memmetaal te brûken yn it kontakt mei oaren, mar ik behearskje it Nederlânsk ek prima.